|
Yslân is in lân yn Noardwest-Jeropa. De haadstêd is Reykjavík en de presidint fan de republyk is sûnt 1996 Ólafur Ragnar Grímsson. Yslân wurdt begrinzge troch:
GeografyFoar it meastepart bestiet Yslân út leech- en middel-berchtme, wêr't in protte rivieren en rivierkes fan nei de see streamen. It berchtme is amper begroeit mei bosken. De heechste berch is de Hvannadalshnúkur op 2110 meter hichte. It eilân is ferneamd troch syn geisers. It binnenlân wurdt sawat net bewenne; it tichtst befolke gebiet leit oan de súdwestkust om de haadstêd Reykjavík hinne. KlimaatYn it suden fan it eilân soarget de waarme golfstroom dy't bylâns de kust streamt foar in evenredich klimaat dat lykwols kâlder is as yn Jeropa troch de wyn dy't meastentiids út it noarden waait. SkiednisDe iere Romeinen en Griken hienen al fermoedens dat der noardlik fan de Britske eilannen in grut eilân lizze moast. It "Ultima Thule", dêr 't de Romeinen yn oer berjochten, giet nei alle gedachten oer Yslân, mar wissichheid hjiroer ûntbrekt lykwols. Ut argeologyske fynsten docht bliken dat de Romeinen sels foet oan wâl setten hawwe, mar de earste minsken dy't in skoft lang op Yslân wenne hawwe wienen Ierske muontsen. Mei de komst fan de Wytsingen binne sy ferdwûn. Yn de 9e ieu kamen de bewenners fan Noarske ôfkomst dêrhinne. De earste Wytsing dy't him foarfêst op Yslân festige wie Ingólfur Arnarson. Yn 874 lanne hy oan de súdkust en om-ende-by 877 festige hy him oan in baai yn it súdwesten. Dat plak neamde hy Reykjavik. Sûnt dy tiid waard it eilân stadichoan folslein kolonisearre. Yn 1262 waard Yslân ûnderhearrich oan de Noarske monargy. Yn de 14e ieu waard Noarwegen feriene mei Denemarken en doe't yn 1814 dizze lannen wer skiede waarden, kaam Yslân by Denemarken te hearren. BefolkingDe ynwenners fan Yslân binne ôfstammelingen fan de Wytsingen, fermingd mei Skotske en Ierske ymmigranten. De measte bûtenlanners binne Denen. Sawat de helte fan de befolking wennet yn de omjouwing fan de haadstêd Reykjavík. GodstsjinstSawat 85% fan de ynwenners is oansletten by de Luterske tsjerke. |
|||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.
Mercedes Car
This site monitored by SitePinger.net