Spanje

Article in other languages:

Reino de España
Flagge fan Spanje Wapen fan Spanje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Spanje
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Madrid
Steatsfoarm Monargy
Gebiet
% wetter
504.782 km²
1,04­%
Ynwenners (2008) 46.063.511
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 2 juny
Lânkoade ESP
Ynternet .es
Tillefoan 34

Spanje is in lân yn Súdwest-Jeropa. De haadstêd is Madrid. It lân is in monargy mei Juan Carlos I sûnt 1975 as kening.

Ynhâld

Geografy

Lizzing

Spanje wurdt begrinzge troch:

Eastlik fan it fêstelân lizze yn de Middellânske See de Baleären. Foar de kust fan de Westlike Sahara lizze de Kanaryske Eilannen, en op de noardkust fan Afrika lizze twa Spaanske eksklaves, Ceuta en Melilla, mei foar de kust noch in pear Spaanske eilântsjes. Oan de Strjitte fan Gibraltar leit Gibraltar, in enklave dy't part fan Britske is.

Lânskip

Spanje omfettet it grutste part fan it Ibearysk skiereilân. Yn it noardeasten foarmje de Pyreneeën de grins mei Frankryk en Andorra. Yn it súdeasten leit de Sierra Nevada, mei de heechste top fan Spanje, de Mulhacen, 3.482 m. Mar ek de rest fan it lân is bercheftich. Ut dy bergen komme de rivieren, lykas de Ebro dêr't it skiereilân nei neamd is, en de langste rivier fan Spanje, de Guadalkwivir.

Bestjoerlike yndieling

Spanje is in parlemintêre monargy mei in grûnwet út 1978. Op it stuit is Juan Carlos fan Spanje kening. It lân is opdield yn 17 autonome regio's, dy't meast fieder opdield binne yn provinsjes. De twa enklaves hawwe de status fan autonome stêden.

Sjoch ek de Spaanske regio's.

Skiednis

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Spanje.

Demografy

Befolking

Spanje hie yn 2008 46.063.511 ynwenners. De grutste befolkingstichtens is oan de eastkust en yn en om de haadstêd Madrid hinne.

Talen

Al is Spaansk offisjeel troch it hiele lân, der binne yn parten fan it lân noch fjouwer oare talen dy't ek offisjeel binne, te witten:

Religy

De grutste religy yn Spanje is it Roomsk Katolike leauwen dêr't neffens offisjele boarnen mear as 80% fan de befolking by heart. Dat hege sifer hat fral te krijen mei it feit dat ûnder diktator Franco, alle Spanjerts neffens de wet katolyk wêze moasten, frijwillich of net. Dêrtroch is in grut part fan de befolking noch hieltyd offisjeel leauwich, mar yn it deiliks libben net praktisearjend.

De Hilligen Jakobus de Meardere, Jehannes fan Avila en Teresia fan Avila binne de beskermhilligen fan Spanje.

Gearwurking

Spanje is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 24 novimber 1977 fan de Rie fan Jeropa, sûnt 1982 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje en sûnt 1986 fan de Jeropeeske Uny.

Ekonomy

BYP per persoan is $33.600 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3,6% lânbou, 30,2% yndustry en 66,1% tsjinsten.

Militêr

Struktuer

De Spaanske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine.

Mankracht

Yn 2008 wienen der 10.033.069 Spaanske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 8.228.426 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 203.650.

Budzjet

Militêr budzjet $9,9 miljard (2003).
Persintaazje fan it BYP 1,2 % (2003).

Transport

Wichtichste havens binne Algeciras, Barselona, Bilbao, Cartagena, Huelva, Tarragona, Valencia. De fleanfjilden fan Madrid en Barselona wurde ta de tsien grutsten fan Jeropa rekkene (2007). De maksimum snelheid op de autodyk is 120 km/h.

Spanje hat (2006):
681.224 km ferhurde dyk.
14.974 km spoardyk.
1.000 km farwetter.

Questions for article: aanbieding vakantie all inclusive naar spania, bevolkingsspreiding van spanje op kaart, bevolkingsspreiding europa kaart, bevolkingsspreiding van spanje, eiland canaria spanya, espanye hotele, frankryk hotele, ispanija,costa bravo wetter, spanja costa brava vakantiewoning, taal espangne, vakantie ispanya

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.


IHS Europe: Infrared Heating Systems for Home and Business.