|
Dizze side giet oer de Folksrepublyk Sina, de grutte steat yn it easten fan Aazje. Sjoch Sina (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan Sina.
Sina, folút Folksrepublyk Sina, is in lân yn East-Aazje. De haadstêd is Peking en de presidint fân de folksrepublyk is sûnt 2003 Hu Jintao. GeografyDe langste rivier yn Sina, de Jangtse, is 6300 km. In tredde part fan Sina is berchlân. It Sineeske gea kin yn trije gebieten skifte wurde:
Yn it easten grinzet Sina oan de Atlantyske Oseaan, fierders wurdt Sina begrinzge troch:
SkiednisSina is ien fan de plakken op ierde dêr't de sivilisaasje útein sette. Al ridlik gau ferieniget it lân himsels en ûntjout him op it mêd fan keunst en wittenskip. Tusken 1405 en 1433 fear Admiraal Zheng He sânris nei lannen om de Yndyske Oseaan, wêrfan trije kear nei de eastkust fan Afrika, mear as 100 jier foardat de Jeropeanen útein setten mei de kolonisaasje fan it kontinint. Krekt doe't der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Asiatyske kulturen, stûke de kultuergroei yn Sina. Jeropa waard konkurinsje fan Aazje op it mêd fan wittenskip en technology. Lang om let moast Sina romte jaan oan it ymperialistyske Jeropa. Mei de ein fan de Twadde Wrâldkriich wie der noch gjin frede yn Sina. De kommunisten fochten tsjin de Kwomintang yn de Sineeske Boargerkriich dy't de kommunisten yn 1949 wûnen. Sûnt is Sina in kommunistysk lân mei Mao Zedong as lieder fan de Kommunistyske Partij fan Sina. Mao krige help fan de Sowjetuny foar de ûntjouwing fan grutte yndustry yn Sina. Net inkeld op ekonomysk mar ek op it militêre mêd woe Mao sjen litte dat Sina in grutmacht wie: wilens de Koreaanske Kriich reagen Sineeske militêren de NAFO út Noard-Korea, Tibet waard yn 1950 beset, dat sûnt 1918 ûnôfhinklik wie fan Sina. Yn 1997 kaam Hongkong wer by Sina dat sûnt 1897 ferhierd wie oan de Britten. |
||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.
Mercedes Car
This site monitored by SitePinger.net