|
Article on other languages:
|
Noarwegen is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd is Oslo. Noarwegen is in konstitúsjonele monargy mei as kening Harald V en mei as premier Jens Stoltenberg.
GeografyNoarwegen wurdt begrinze troch:
Fierder heart ek it eilân Jan Mayen ta it keninkryk. Spitsbergen falt ek ûnder it regear fan Noarwegen. By de súdpoal hat Noarwegen nog twa eilannen: yn de Súd-Atlantyske Oseaan Bouveteilân en yn de Stille Oseaan Peter I-eilân. It lân makket ek oanspraak op in part fan it súdpoalgebiet, it Keninginnne Maud-lân. It lânskip fan Noarwegen bestiet foaral út bergen mei gletsjers, en in kustline fan mear as 83.000 km² mei ynhammen, de fjorden. It noardlikste part fan Noarwegen heart by Laplân, wêr de Lappen of Saami wenje. Noarwegen is bekend as it Lân fan de midnachtsinne . It leit nammentlik foar in part benoarden de noardpoalsirkel. SkiednisYn de 9e ieu wie Noarwegen in gebiet mei ferskate lytse keninkrykjes. Mei de fjildslach by Hafrsfjord ferienige Harald I de ferskate lytse lannen yn ien keninkryk. De Noaren wienen yn it tiidrek fan de 9e-13- ieu bekend as Wytsingen. De lêste Noarske kening stoar yn 1387 en Noarwegen wie ûnder Denemark fertsjinwurdige yn de Uny fan Kalmar. Wilens de Napoleonistyske oarloggen focht Denemark mei Napoleon mei, en Sweden tsjin. Doe't Denemark yn 1814 Noarwegen oan Sweden ôfstean moast, besochten de Noaren ûnôfhinklikens te krijen en tekenen har grûnwet op 17 maaie fan dat jier. Noarwegen koe it militêre geweld fan Sweden net keare en moasten yn novimber 1814 mei Sweden gear yn in Uny. Yn de 19e ieu, de tiid fan de Romantyk, boaze de driuw nei Noarske ûnôfhinklikens oan. Nei in politike striid moast Sweden belies jaan mei in referindum. 99,5 persint fan de Noarske befolking keas foar it opheffen fan de Uny mei Sweden wêrtroch Noarwegen op 7 juny 1905 syn ûnôfhinklikens krige. Yn de Earste Wrâldkriich bleau Noarwegen in neutraal lân. Noarwegen besocht ek neutraal te bliuwen yn de Twadde Wrâldkriich, mar Dútske troepen feroveren Noarwegen tusken 9 april 1940 en 8 maaie 1945. Jeropeeske gearwurkingYn 1949 kaam Noarwegen by de NAFO. Yn 1967 waard der ierdoalje yn de Noardsee fûn en Noarwegen wie ridlik gau ien fan de rykste lannen fan de wrâld. Noarwegen hat, yn 1972 sawol as 1994, mei in referendum tsjin tatreding ta de Jeropeeske Uny stimd. It lân is al lid fan de Jeropeeske frijhannelsorganisaasje, en is dêrtroch part fan it Jeropeeske ekonomyske gebiet. DemografyYn 2008 wennen der yn Noarwegen 4.644.457 minsken. It ynwennertal giet omheech mei 0,73% yn it jier mar dat is meast te tankjen oan de ymmigranten. De measte stêden binne oan de súd-súdwestkust. TalenNoarsk is offisjeel troch it hiele lân. Der binne al ferskate dialekten fan it Noarsk, en der binne ek ferskate skriuwwizen wêrfan twa as offisjele taal te boek steane. Yn it noarden is yn in tal fan gemeenten ek Lapsk offisjeel. |
|||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.
Mercedes Car
This site monitored by SitePinger.net