Milenniumbrek

Article on other languages:

del.icio.us del.icio.us
Digg Digg
Furl Furl
Reddit Reddit
Rojo Rojo
Add to OnlyWire

It milenniumbrek wie in sydeffekt fan beslissings oer kompûterprogramma-ûntwerp, yn de jierren 50 en 60, wat kompûterflaters feroarsaakje koe by it berekkenen fan datums yn en efter 2000.

Ynhâld

Oarsaak

Yn de begjintiid fan it kompûterprogrammearjen ûnstie de gewoante om by it opnimmen fan datums yn databanken by it jiertal de earste twa syfers wei te litten, om't dy altyd 19 wienen. In kompûterûnthâld hie net in soad romte, dat sels it útsparjen fan twa posysjes wie wichtich. Fansels soe dat útsparjen in swierrichheid wurde oan it ein fan de ieu, as de jierren net mear mei '19' begûnen, mar yn dy tiid waarden programma's skreaun foar spesifike problemen; it wienen ienmalige, tydlike produkten. Dat databanken in nije soart programma's wienen dy't langer brûkt wurde soenen wie noch net dúdlik.

Gefolch

Yn de lêste jierren foar 2000 wienen der hieltyd noch programma's dy't de datumopslachmetoade fan die earste databanken oernaam hienen. Mar om't datums yn in soad programma's brûkt wurde, wie net dúdlik foar hokfoar programma's dat gou. Fral foar programma's dy't allinnich mei de tsjinwurdige datum en mei ferlyne datums wurken wie it net dúdlik of se op 1 jannewaris 2000 rekkene soenen mei 1 jannewaris 1900.

Media

Dit wie in tige oansprekkend probleem, dêr't alderlei tsjinrampen oan taheake wêze koenen, dat de media hienen in soad oandacht foar it probleem. Fral yn de Feriene Steaten fan Amearika soarge dit foar in soad reaksjes fan it públyk, dêr't de media dan wêr mear oandacht oan joechen, ensfh. Ek de tillevysje- en filmwrâld brûkten it tema.

Maatregels

Om problemen yn 2000 foar te kommen waarden mei mannemacht sa folle mooglik programma's neisjoen, en as nedich oanpast. Aldere apparatuer waard ferfongen troch nijere dêr't wis fan wie dat der gjin milenniumbrek yn siet. En foar nijjier 2000 wienen needmaatregels naam, foar it gefal in wichtich systeem, bygelyks gasfoarsjenning, útfalle soe troch in milenniumbrek.

2000

Op 1 jannewaris 2000 dy blyken dat de measte milenniumbrekken, troch it ferfangen fan apparatuer en it oanpassen fan programmatuer, opfongen wienen. De maatregels hienen sa'n grut sukses hân dat der in soad minsken wienen dy't tochten dat der net wier in probleem west hie, en dat al it wurk om neat wêst hie. Mar fral yn earmere lannen wienen der genôch problemen mei âldere kompjûters om dúdlik te meitsjen dat der sûnder maatregels yn alle gefallen in grutte kâns west hie op milenniumbrekken.

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.


Giant Panda

Mercedes Car
James Bond Guide
This site monitored by SitePinger.net