|
|
Kaart fan Latynsk-Amearika
Latynsk-Amearika is in regio op it Amerikaanske kontinint dêr't Romaanske talen sprutsen wurde. Dizze talen waarden yntrodusearre troch de Spaanske en Portegeeske oermasterders dy't yn de 16e ieu it grutste part fan Amearika besettten. Latynsk-Amearika omfet rûchwei Súd- en Sintraal-Amearika. Latynsk-Amearika is ferskillend fan Anglo-Amearika, in regio op it Amerikaanske kontinint dêr't Ingelsk sprutsen wurdt.
|