|
Article on other languages:
|
Eugène Delacroix - La Liberté guidant le peuple ("Frijheid liedet it Folk") , in symboal fan de Frânske Revolúsje
Frankryk is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Parys en de president fan de republyk is sûnt 2007 Nicolas Sarkozy. Frankryk wurdt begrinzge troch:
Yn Jeropa heart ek it eilân Korsika ta Frankryk, en fierder binne der noch oerseeske departeminten en oerseeske gebieten yn oare wrâlddielen.
SkiednisDe grinzen fan it hjoeddeiske Frankryk rinne hast lykop mei de grinzen fan Galje, dêr't de Keltyske Galjers doe wenne ha. Julius Ceasar fan it Romeinske Ryk feroverde Galje yn de 1e ieu, en de Galjers namen de Romaanske taal (Latyn, de grûnslach foar it Frânsk) en kultuer oer. It Kristendom waard yn 'e 2e en 3e ieu it nije leauwen, dat yn de fjirde en fyfde ieu rûnom sa djip woartele wie dat Hiëronimus fan Stridon skreau dat Galje "frij fan ketterij" wie. Yn 'e fjirde ieu kamen oer de Ryn Germaanske stammen nei Galje, benammen de Franken, dêr't letter it wurd "Francie" fan kaam. Fan alle Germaanske groepen fan Grutte Folksferfarren wienen de Franken de earsten dy't it Kristlike leauwen oannamen. Yn 'e iere midsieuwen hienen de Friezen en de Saksen der gâns lijen fan. De Karolingen hearsken oant 987 oer Frankryk, doe't Hugo Capet kening fan Frankryk waard. Tusken 1096 en 1270 die Frankryk mei oan fjouwer krústochten. Fanwegen harren Normandyske komôf bestjoerden de Ingelske keningen as fazal grutte parten fan it westen fan Frankryk. Nei de dea fan kening Filips IV yn 1314 ferlearen de Ingelsen oanspraak op 'e Frânske troan. De befolking fan Frankryk wie yn dy tiid fjouwer kear grutter as de Ingelske mar dy hiene militêre superieurens, nei de Hûndertjierrige Kriich waard ferlear Ingelân harren oanspraken op it kontinintale Jeropa (Calais bleau oant 1558 Ingelsk). Yn 'e santjinde ieu rekke it Frânske keningskip mei Lodewyk XIV op it hichtepunt. Yn 'e santjinde en achtjinde ieu wie dat mei Frânske taal lyksa, dy waard yn literêre rûnten en bestjoeren yn it bûtenlân brûkt. Oan 'e ein fan de 18e ieu hie Frankryk koloanjes by de rûs yn Noard- en Súd Amearika, Afrika en Aazje. Nei de Frânske Revolúsje fan 1789 waard Frankryk in republyk. De Frânske republyk bleau net sa lang want yn 1799 kaam Napoleon I oan 'e macht. Napoleon waard letter keizer fan it Earste Frânske Ryk (1804–1814). Yn 1815 waard Napoleon yn 'e Slach by Waterloo ferslein. It westfront fan de Earste Wrâldkriich wie foar in part yn it noard-easten fan Frankryk. De striid yn 'e rinfuorgen wie grutste slachting fan de Frânske skiednis. De Twadde Wrâldkriich wie oars, doe slagge it Dútslân om maaie/juny fan 1940 Frankryk mei in pear wiken te feroverjen. Nei de Twadde Wrâldkriich krige Frankryk in sit yn 'e Feiligensried fan de Feriene Naasjes. Frankryk wie foar Jeropeeske gearwurking, sa docht bliken mei de EMKS, dat letter de Jeropeeske Uny waard. GeografyReliëfDe Pyreneeën foarmje de natuerlike súdgrins mei Spanje, yn it easten lizze de Frânske Alpen, de Jura en de Fogezen, en yn it noardeasten lizze de Frânske Ardennen. Sintraal Frankryk wurdt dominearre troch it Sintraal Massyf, in platoberchte. Fierder binne der yn it suden noch de Sevennen te finen, ien fan de sân nasjonale parken fan Frankryk. RivierenOp de grins mei Switserlân leit de Mar fan Genêve. Fan Switserlân út, troch dy mar en tusken de Alpen en it Sintraal Massyf troch rint de wylde Rône, nei de Middellânske see. West fan it Sintraal Massy leit de laachflakte fan Akwitaanje, dêr't de Garonne en de Dordogne troch nei de Atlantyske Oseaan rinne. Noardliker rint de Loire yn deselde rjochting. Troch Noard-Frankryk rint de Seine, fan de omkriten fan Dijon, troch Parys nei it noardwesten en komt by Le Havre yn it Kanaal út. Nei it noarden rinne de Yser, de Skelde en de Maas nei Belgje, en de grinsrivier de Ryn rint by de eastgrins fan Frankryk ek nei it noarden. List fan stêdenRegio'sDe Wikipedy hat ek in side Regio's yn Frankryk. Frankryk hat 22 bestjoerlike distrikten yn it lân Frankryk.
Frankryk hat fjouwer gebieten bûten Jeropa dy't ek ûnder it Frânsk regear falle: DemografyOan 'e ein fan de njoggentiger jierren wienen der yn Frankryk 40 stêden dêr't mear as 100.000 minsken wennen, inkeld Parys hie mear as ien miljoen. Likernôch 75% fan de befolking libbet yn 'e stêden. Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich woeks de befolking minder hurd as yn oare Jeropeeske lannen, mar dat feroare nei de kriich. Frankryk hat krekt as oare Jeropeeske lannen in etnysk ferskaat troch de ymmigranten. Grutte groepen Noard-Afrikanen teagen nei de Frânske stêden, benammen nei Parys en Marseille. It Frânsk is de nasjonale taal yn Frankryk, by it rjochtsprekken of yn in bestjoer mei inkeld Frânsk brûkt wurde. Der wurdt yn Frankryk ek Bretonsk praat as minderheidstaal, dat gjin stipe fan it regear krijt, en it sprekkers hurd efterútbuorket. Oare talen binne it Korsikaansk (op it eilân Korsika, Nederlânsk, Dútsk, Baskysk, Katalaans, Oksitaansk. It roomsk-katolisisme is fierwei de beskiedene godstsjinst, sa'n 80% fan it folk is it, wylst mar 5% nei de tsjerke giet. Mei de ymmigranten út Aazje, Turkije en Noard-Afrika binne der no tusken de trije en fiif miljoen moslims. Der binne net safolle protestanten en joaden. MilitêrIt Frânske leger hat fjouwer ûnderdielen:
De Frânske presidint is de heechste befelhawwer fan it Frânske leger. It hat it tredgrutste budzjet (nei de Feriene Steaten en Ruslân) en hat ek nuklêre wapens. EkonomyFrankryk is lid fan de G8 groep fan yndustrylannen. Sûnt 2002 is de muntienheid fan Frankryk de euro. De lânbousektor is aardich grut as it ferlike wurdt mei oare westerske lannen. Yndustriën sa as dy fan masjines, gemyske produkten, auto's, metalen, fleanmasines, elektroanyske apparatuer en itensprodukten beslagge in grut part fan de Frânske ekonomy. Mear as de helte fan de hannel fan Frankryk is mei oare leden fan de Jeropeeske Uny. Japan, de Feriene Steaten en Sina binne lannen dêr't Frankryk in protte hannel mei hat. It Bruto Ynlânsk Produkt (BYP) woeks tusken 1995 en 2005 alle jierren mei in trochsneed fan 2,1 % en hie yn 2005 in wearde fan 1.689,4 miljard euro. De grutste Frânske bedriuwen yn 2003 wienen: sûnder banken en fersekerders
BestjoerFrankryk is in demokratyske republyk. De presidint wurdt sûnt 2002 foar fiif jier keazen, earder wie dat sân jier. Op it stuit is Nicolas Sarkozy presidint fan Frankryk. De Frânske folksfertsjintwurdiging bestiet út de Assemblée Nationale mei 577 sitten, en de Senaat mei 331. De Earste minister is op it stuit François Fillon. Frankryk is opdield yn 22 regio's en yn likernôch hûndert departeminten. De oerseeske departeminten (Départements d'Outre-Mer, DOM) binne: it Súd-Amearikaanske Frânsk-Guyana, de Karaïbyske eilannen Guadelûp en Martinyk en yn de Yndyske Oseaan Réunion. Fierders binne der oerseeske gebieten (Territoires d'Outre-Mer, TOM), dy't yn in losser ferbân mei it memmelân stean. GearwurkingFrankryk is in stiftend lid fan de Feriene Naasjes (1945), dêr't it in permaninte sit hat yn de Feilichheidsrie. It lân is ek stiftend lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957). It is ien fan de dielnimmers oan de Jeropeeske Monetêre Uny en hat 1 jannewaris 2002 de Frânske frank as munt ynruile foar de Euro. KultuerDe Frânske taal en kultuer hie oant de Twadde Wrâldkriich gâns mear betsjutting yn oare Jeropeeske lannen as hjoed de dei. It Frânske regear hat regels foar it brûkme fan Frânske taal op 'e tillevyzje, en besiket de Frânske muzyk en literatuer te stypjen. Mei de museums sa as it Louvre en ieuwenâlde boukeunst is Parys de kultuermetropool. SportMuzykFrankryk hat in grut muzikaal ferskaat en libbendige muzykkultuer. Neist de ferneamde fertsjinwurders fan de Chanson, lykas Edith Piaf, binne der ek moderne Frânske muzikanten en avantgardyske muzykrjochtingen. Daft Punk en Etienne de Crécy pronken mei de „French House“, Gotan Project is pionier wat de saneamde Electrotango oangiet, en St. Germain makket in griemmank fan Jazz en House. De band Air is meast ferneamd om har sfearfolle muzyk. UnderrjochtIt ûnterrjocht yn Frankryk is goed. Der binne universiteiten yn Parys, Lyon, Toulouse, Marseille, Bordeaux, Rijsel, Montpellier, Straatsburg, Rennes, Grenoble en Nancy. Underwiis yn Frankryk begjint mei it beukerûnderwiis (écoles maternelles). Foar bern tusken de 6 oant 16 jier is it ûnderrjocht ferplichte. Hja begjinne mei it basisûnderwiis (école élémentaire) en dêrnei it fuortset ûnderwiis (collège). Dat duorret oant it bern 15 is en moat dêrnei moat it bern op syn minst noch ien jier in technysk- of beropsûnderwiis ha. Keppeling om utens
Advanced questions for article: franse rewolusie, Questions for article: francija katedrale, franse rewolusie, nasionale vergadering van die franse rewolusie |
|||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.
Mercedes Car
This site monitored by SitePinger.net