2 maart - Yn Fryslân komt fanwege swiere sniefal it iepenbiere libben foar in grut part stil te lizzen. Skoallen bliuwe foar in part ticht en ferfiersbedriuw Arriva hâldt de bussen yn de remize. Op sommige plakken leit 50 sentimeter snie.
augustus-septimber - Ferskate organisaasjes rapportearre oer de gefolgen fan it grutte tal fan stjitrôven yn Ljouwert: it tal fan strjitrôven leit 30% heger as yn 2004 - de rop fan Ljouwert hat bot ûnder de strjitrôven te lijen - dit hat gefolgen foar de horeka en de winkels yn de binnenstêd.
4 augustus - Keninginne Beatrix besiket de provinsje Fryslân yn de rige fan provinsje-besites fanwege har 25-jierrich jubileum as keninginne.
14 septimber - Ton van Lieshout wurdt yn syn eigen hûs yn Damwâld swier mishannele troch in 32-jierrige man ûnder ynfloed; it slachtoffer ferstjerret in dei letter yn it sikehûs oan syn ferwûnings.